Twa ferwûne manlju yn Ljouwert: plysje siket tsjûgen

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei twa manlju oanhâlden as fertochten fan swiere mishanneling. De plysje krige om trije oere moarns in melding fan in ynbraak yn in wenning oan de Ubbo Emmiusleane.
Plysje logo © Omrop Fryslân
Doe't de plysjes oankamen seagen se bûten in man lizzen. Dy draafde fuort, mar koe nei in efterfolging oanhâlden wurde. De 24-jierrige man wie ferwûne oan de holle en moast nei it sikehûs.
Yn de wenning fûnen de plysjes in 21-jierrige man dy't ek ferwûne wie. De resjerzje hat de saak yn ûndersyk en siket tsjûgen.