Ferskate iisbanen binne fernield: "Spitich en sinleas"

21 jan 2019 - 11:48

De iisbanen yn Surhústerfean, Terherne en Noardwâlde binne ôfrûne dagen troch ûnbekenden fernield.

Surhústerfean - Foto: IJsclub Foarút Surhuisterveen

Surhústerfean

Doe't de iismasters fan iisklup Foarút yn Surhústerfean moandeitemoarn de dikte fan it is mjitte woene, seagen se dat it iis oan it begjin fan de baan fernield wie. It bestjoer ropt tsjûgen op om de fernielers op harren gedrach oan te sprekken. "We kunnen als vrijwilligers niet 24 uur per dag standby zijn", skriuwt it bestjoer. Ferline jier gie it ek al mis yn Surhústerfean: doe moasten de reedriders om in grut wek hinne ride dat troch fernielingen ûntstien wie.

Foto: IJsclub De Broederschap

Terherne

By iisklup De Broederschap yn Terherne ûntdutsen se sneon dat bern it iis test hiene, wylst dat noch net dik genôch wie. It bestjoer docht in oprop oan âlden om harren bern der op te wizen dat se de iisbaan pas op meie, nei't de baan offisjeel iepene is.

Foto: IJsvereniging Broederschap Noordwolde

Noardwâlde

Iisferiening De Broederschap yn Noardwâlde krige snein meldingen dat bern op it iis rûnen en de boel fernielden. Dat is fanwege de djipte fan it wetter ûnder it iis net allinnich gefaarlik foar de fernielers, mar se bedjerre it ek foar oaren, skriuwt it bestjoer. Spitich en sinleas, neamt it bestjoer de fernielings. Ek hjir in oprop oan âlden om harren bern hjir op oan te sprekken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)