Strjitracers yn Ljouwert rjochtsje soad skea oan

De plysje Ljouwert ûndersiket in mooglike strjitrace tusken twa Ljouwerter automobilisten sneintemiddei. In 18-jierrige en in 24-jierrige bestjoerder wiene snein op de Spanjaardsleane tsjin elkoar oan it racen. Ien fan beiden pasearre in flechtheuvel oan de linkerkant. Doe't er werom woe nei syn eigen rydbaan, rekken beide auto's elkoar.
© Nick den Boer
Dêrnei botste ien fan de belutsen racers mei syn auto tsjin twa parkearde auto's, mei in soad skea as gefolch. Beide bestjoerders binne oanhâlden om de saak fierder útsykje te kinnen.