Bysûndere put yn Ljouwert: kraan tilt âlde beammen oer dak hinne

Yn it sintrum fan Ljouwert wie moandeitemoarn in bysûndere put te sjen: mei help fan in 50 meter hege, 60-ton swiere kraan binne twa oantaaste ikebeammen fuorthelle.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dy beammen stienen yn in tún achter in gebou oan it Wilhelminaplein en moasten mei de kraan yn dielen oer de dakken hinne tild wurde.
Op it plein binne de grutte dielen dêrnei yn lytsere stikken seage. De beammen wiene oantaast troch in swam en waarden neffens hofker Johan van Tuinen stadichoan fan binnenút opfretten, wat gefaar foar de omjouwing opsmiet.
Der drige gefaar dat deade tûken út de 80 oant 100 jier âlde beammen waaie soene.