It bergjen fan de konteners is dwaande: hoe giet it yn syn wurk?

21 jan 2019 - 10:34

De grutte bergingsoperaasje om de konteners boppe de Waadeilannen út see te heljen is freed lang om let begûn. Begjin jannewaris binne de konteners fan de MSC Zoe fallen. It gebiet is 2700 kante meter grut en de hûnderten konteners lizze benammen yn de fargeul. Dy wurde der no úthelle, as dat om it waar kin. Ferslachjouwer Remco de Vries sjocht dizze moandei hoe't it krekt yn syn wurk giet.

Bergjen fan de konteners

De Atlantic Tonjer - Foto: Flickr / Kees Torn

Hy is mei kameraman Alle Faber en oare minsken fan de parse mei it skip de Guardian mei. Mei minsken fan Rykswettersteat en de Kustwacht farre se nei ien fan de twa grutte bergingsskippen ta: de Atlantic Tonjer of de Geosund.

Remco de Vries ûnderweis nei de Eemhaven

De Atlantic Tonjer wie freed net fier fan de Dútske grins dwaande. Dat skip is ek foarby dy grins aktyf. Boppe Skylge fart de Geosund. Om dy skippen hinne wurdt socht nei konteners. Freed moasten noch sa'n fyftich stiks fûn wurde, mar it kin ek sa wêze dat ien kontener op de boaiem úteinlik twa konteners binne as se dermei dwaande binne. De Kustwacht soarget derfoar dat oare frachtskippen wat út de buert bliuwe.

De kraan op it skip hellet earst foaral stikkene konteners út see mei in grutte griper. Dy konteners moatte der as earste út omdat dêr út lading fuortspiele kin. Dat kin ek gebeure as se omheech helle wurde. Dêrom lizze der fiskersskippen paraat om dy troep op te fiskjen.

Konteners dy't noch hiel binne, wurde markeard en letter ophelle.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Om 13.30 oere ferwachtsje se by it bergingsskip yn de buert te wêzen. "It is perferkt waar om te bergjen, der is amper seegong mei mar in bytsje dining", seit Remco de Vries. "It is behoarlik drok mei skipfeart. Sa'n hûndert skippen komme deis foarby op dit stik, en it is no noch drokker mei de bergingskippen, it skip fan de Kustwacht dat it ferkear begeliedt en noch oare skippen dy't nei de konteners oan it sykjen binne."

Remco de Vries oer it oprêden fan de konteners

(Advertinsje)
(Advertinsje)