Wike fan de e-health: "Ynlogge mei dyn DigiD is somtiden noch in hiele operaasje"

21 jan 2019 - 10:33

Dizze moandei start de lanlike e-health wike. De hiele wike is der by alle soarchynstellings ekstra omtinken foar it brûken fan digitale kommunikaasje mei pasjinten. Ek sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean docht mei oan dizze wike. En dat is seker nedich, want "ynlogge mei dyn DigiD is somtiden noch in hiele operaasje".

Ien op de fiif pasjinten makket gebrûk fan it digitale pasjintedossier fan de Fryske sikehûzen en Revalidaasje Fryslân. Dochs is dizze digitale wize fan kommunikaasje foar guon minsken noch in te hege drompel.

Fandêr dat De Tjongerskâns dizze wike ekstra omtinken jout oan harren eigen digitale portaal MijnTjongerschans.nl. Yn de sintrale hal steane digitale panielen, mei in gastfrou of gasthear, dy't minsken helpt om it yn te loggen.

Tablet - Foto: Shutterstock.com

Bauke sjocht by sikehûs De Tjongerskâns

Wietske Waries is gastfrou en leit út hoe't it krekt wurket. "Ik gean earst nei MijnTjongerschans.nl en dêr log ik yn. Dêrfoar moast dyn wachtwurd wol witte. Dêrnei krij ik in sms'ke mei in koade om yn te fullen. Dat is foar guon minsken noch best wol dreech."

Dat fernimt ek Janneke Hofstede, projektlieder op de ICT-ôfdieling fan sikehûs De Tjongerskâns. Hofstede: "Wy ha al in oantal jier it portaal MijnTjongerschans, dêr't minsken harren útslaggen besjen kinne, fragen stelle en sels ôfspraken meitsje. Mar benammen it ynloggen mei de DigiD is foar âldere minsken noch best dreech. Dêrom ha wy in digitaal soarchplein ynrjochte om minsken te helpen om dy earste stap te setten."

Bauke besjocht MijnTjongerschans

(advertinsje)
(advertinsje)