FOTO'S: De bloedmoanne yn Fryslân

Wat wie er prachtich! De bloedmoanne waard yn de nacht fan snein op moandei op ferskate plakken yn Fryslân sjoen. Wy sette de moaiste foto's fan dizze supermoanne foar jim op in rychje.
Om 03.30 oere begong de fertsjustering en fan 05.40 oere ôf wie de moanne in oere lang folslein fertsjustere.
De bloedmoanne fan de brêge by Aldskou ôf © Arjen Hiemstra
Dy reade kleur krijt de moanne trochdat it sinneljocht troch de ierde-atmosfear ôfbûgd is. Dat ljocht kleuret sadwaande read en dat wjerkeatst op de moanne werom nei de ierde.
De moannefertsjustering yn Drachten © Stefan de Graaf
De bloedmoanne sjen like benammen op de Waadeilannen in probleem te wurden. Mar Nicolette van Berkel op Skylge koe de bloedmoanne perfekt op 'e foto sette.
De bloedmoanne yn Snits © Johan op den Dries
De earstfolgjende moannefertsjustering is pas op 16 july; dan is de moanne foar in part fertsjustere. In folsleine moannefertsjustering kinne we pas yn 2025 wer sjen.

Stjoer dyn foto nei ús op!

Hasto ek in foto fan de bloedmoanne? Stjoer 'm nei nijsfoto@omropfryslan.nl.