Op 'e nij soad ynbraken yn Ljouwert

21 jan 2019 - 08:11

Der hawwe it ôfrûne wykein op'e nij meardere ynbraken west yn Ljouwert. Ut in hûs oan de Borniastrjitte waard in rêchpûde mei jild, in iPhone en tablet stellen. De telefoan en tablet waarden letter weromfûn, de rêchpûde mei it jild bleau poater.

Foto: Omrop Fryslan

Yn in wenning oan de Midsbuorren yn Ljouwert waarden sieraden en in klús stellen. By in wenning oan de Stinzenflora waard in doar yntrape troch in ynbrekker. Dy waard op 'e die trapearre en naaide út. It giet neffens de plysje om in man mei in burd, dy't sa'n 1,85 meter grut is.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbrekkers ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)