Kollum: "Op in briefke"

"Set de namme fan Doutzen Kroes yn in nijsberjocht en wist seker dat der op klikt wurdt. Sa gong dat ek mei it berjocht ferline wike oer it briefke dat Doutzen oan har bern skreaun hie. Ek ik klikte der fuortendaliks op. En ik hie nea tocht dat ik it sizze soe, mar ik smolt. Wat in leaf ferhaal en noch folle moaier: yn it Frysk.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ik tink dat elke mem wolris in briefke foar har bern op tafel leit. Alteast, eartiids wol. Tsjintwurdich krije bern in appke mei de tekst: "Ik bin sa wer thús". Mar ús mem die dat doe't wy lyts wiene noch op in papierke. As ik thús kaam, lei der in briefke op de keukenstafel dat begûn mei 'Leave Nynke'. Prachtich fûn ik dat.
Krekt as Doutzen skreau ús mem ek altyd yn it Frysk. En krekt as by Doutzen sil it wol net alhiel geef-Frysk west ha, mar se die har bêst. Yn plak fan 'Ik flean no nei Los Angeles en dan mei de auto nei Palm Springs', sa't Doutzen dat skriuwt, skreau ús mem eartiids 'Ik bin efkes op 'e fyts nei de bakker. Oant aanst!' Mar de bedoeling is itselde: kontakt mei de bern yn dyn memmetaal.
Twa wike lyn siet ik by in petear fan DINGtiid. Dat is it offisjele orgaan foar de Fryske taal, dat sawol de minister fan Ynlânske Saken as de deputearre fan Fryslân advisearret oer alles dat te krijen hat mei it Frysk. Ik wie as skriuwer frege om in ferslach te meitsjen fan it petear oer Frysk yn it ûnderwiis.
Yn it foarstelrûntsje waard my de fraach steld hoe't ik it Frysk sels eins leard hie. "Troch de briefkes fan ús mem", sei ik. En dêr wie neat fan liigd. Ik bin der wis fan dat as heiten en memmen it Frysk krekt like linich brûke as Doutzen en ús mem, dat bern dan automatysk al in hiel soad fan de Fryske taal oppikke. Boartsjendewei giet dat it allerbêste.
Dat wie ek it boadskip yn it petear fan DINGtiid. Mei in hiele groep fan ûnderwiisorganisaasjes, wittenskippers, skoalmasters en juffers sieten wy om tafel. Yn de midden lei it tsjokke rapport Taalplan Frysk mei de moaie titel 'It is mei sizzen net te dwaan'. Yn dit rapport stiet fan alle Fryske skoallen opskreaun op hokker nivo sy binne wat betreft it brûken fan it Frysk. En de fraach wie: hoe no fierder?
Al rap gong de diskusje oer GRIP4, in mjitmetoade yn it ûnderwiis. Oer de CITO en oare toetsen. En oer ferplichtings neffens de 'Wet gebruik Friese taal'. En doe kaam master Michiel oan it wurd en sei it folgjende.
"Leau my: it kin hiel simpel wêze. Wy brûke by ús op skoalle it Frysk, it Finsk, it Ingelsk en it Nederlânsk. En de bern fine it prachtich. Mar wichtiger noch: dosinten moatte it moai fine. Ast it opleist wit ik net oft it wurket. It wurket yn elk gefal noait sa goed, as wannear't minsken it sels wolle. Dan pas giet it Frysk echt libjen."
Ik bin der fan oertsjûge dat er gelyk hat. Om it Frysk yn it ûnderwiis in plak te jaan, moat it libje by de dosinten. Dy moatte krekt lykas Doutzen en ús mem tinke: no skriuw ik ris in Frysk stikje op it boerd. Dat hoecht net geef-Frysk, as it mar Frysk is. As der mar oer praat wurdt en miskien wol om lake wurdt.
Frysk moat libje yn de klasse en thús oan de keukenstafel. Oars wurdt it in deade taal dy't aanst allinnich noch bestiet yn wetboeken. Dat kin ik dy no wol op in briefke jaan.