Plannen foar Eritreesk moetingsplak yn Ljouwert

Der is in plan foar in Eritreesk moetingsplak yn Ljouwert. De haadstêd hat in grutte mienskip fan Eritreeske nijkommers fan ûngefear 400 minsken. Ut ûndersiken blykt dat dizze groep minsken it dreger hat om te yntegrearjen yn fergliking mei oare groepen nijkommers. In eigen buerthûs moat hjirby helpe.
Eritreesk buerthûs

Eritreatown

It plan foar in eigen Eritreesk buerthûs yn Ljouwert is in ferfolch op it projekt Eritreatown, dat ûnderdiel wie fan Kulturele Haadstêd 2018. Fan it hjerst waarden de Easterstrjitten yn it sintrum fan Ljouwert omtovere ta Eritreatown. Der wie in eksposysje mei Eritreeske keunst en der waard in teäterstik opfierd.
We vinden het belangrijk om samen te zijn, dat is onze cultuur.
Helen Mehari

Mear te witten komme

Helen Mehari wie ien fan de dielnimmers oan it projekt Eritreatown en fynt it wichtich dat Friezen ek wat oer har lân Eritrea witte. "Soms kom ik mensen tegen die zeggen: Eritrea, is dat een land? Dat vind ik niet zo leuk."
Helen tinkt dat Eritreatown Friezen wizer makke hat. Se hopet dat it moetingsplak der komt. "Het is belangrijk om elkaar te ontmoeten. Voor de gezelligheid of om elkaar te helpen. En we vinden het belangrijk om samen te zijn, dat is onze cultuur."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Harkje nei Helen Mehari
Yntegraasje moat fan twa kanten komme.
Geertje Postma

Yntegraasje

Grutte fraach is: ferbetteret sa'n moetingsplak de yntegraasje of wurket in buerthûs de yntegraasje krekt tsjin? Projektlieder fan Eritreatown, Geertje Postma, tinkt fan net. "De earste stap is om minsken harren hûs út te krijen en dan moatte se fansels wol in plak ha om hinne te gean."
Boppedat is it plak net allinnich bedoeld foar minsken út Eritrea, seit Postma mei klam. "Friezen dy't mear oer dizze kultuer witte wolle of in lekker Eritreesk hapke ite wolle, binne hartstikke wolkom. Yntegraasje moat fan twa kanten komme."
Harkje nei Geertje Postma