"Azc yn Balk al op 1 april wer iepen"

21 jan 2019 - 06:21

It asylsikersintrum yn Balk moat ek de kommende jierren romte biede oan 500 minsken. Dat stiet yn de oanfraach dy't it Sintraal Opfang Orgaan Asylsikers, it COA, dien hat by de gemeente De Fryske Marren. It sintrum yn Balk gie ein ferline jier ticht, mar seis wiken letter kaam it COA mei in nije oanfraach.

"AZC yn Balk al op 1 april wer iepen"

Ynformaasjejûn

Kommende tongersdei hâldt de gemeente in ynformaasjejûn foar omwenners. Dêryn sille se útlizze hoe't de gemeente omgean wol mei de oanfraach. As it oan it COA leit, moat it sintrum al mei yngong 1 april wer de earste asylsikers opfange.

Doel is om benammen famyljes op te fangen yn Balk, mar neffens in wurdfierder fan it COA is dat net hielendal wis. It sintrum is dêr geskikt foar, mar it hinget ôf fan hokker flechtlingen nei us lân komme.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Geskikt foar famyljes

De units dy't op it sintrumterrein yn Balk steane, binne grutter as op oare sintra. Dêrtroch binne se benammen geskikt foar minsken mei bern. It COA wol dêr ek op ynsette, mei om't de gearwurking mei de skoallen yn Balk yn de earste perioade goed ferrûn is.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foarstanner fan weriepening

Op de ynformaasjegearkomste oer de weriepening fan it azc wol de gemeente omwenners byprate oer de plannen en de fierdere proseduere. Op de webside fan De Fryske Marren stiet dat de gemeente fan doel is om meiwurking te ferlienen oan de weriepening. It sintrum soe der dan oant maksimaal 17 maart 2022 iepen wêze moatte.

Harkje nei wurdfierder Jan Willem Anholts fan it COA

Trefwurden: 
Balk AZC COA
(Advertinsje)
(Advertinsje)