Warner Hahn: "Ik baal ontzettend van de fout die ik maakte"

20 jan 2019 - 21:28

Warner Hahn wie ien fan de haadrolspilers fan Hearrenfean yn de útwedstriid tsjin Ajax (4-4). De keeper siet mis by de 3-1, mar pakte dêrnei wol in strafskop en hold SC Hearrenfean yn de twadde helte yn de wedstriid. "De stemming is nu positief, maar ook gemengd. Iedereen had het idee dat er nog wel meer in zat."

Hahn rint de slotfaze nochris nei: "We hadden misschien nog wel een penalty moeten hebben. Daarna kwamen we nog achter, maar in de allerlaatste minuut maakten we weer gelijk. We kwamen ook nog één-op-één waaruit we de 5-4 kunnen maken, maar ook Ajax kreeg nog een grote kans. Knotsgek."

Wat oerhearsket, is dat Hearrenfean it goed dien hat. "We hebben vooral laten zien dat er iets te halen is. Donderdag mogen we het opnieuw proberen." Dan spilet Hearrenfean yn de kwartfinale fan de KNVB-beker wer yn Amsterdam tsjin Ajax. "Ik hoop op net zo'n spektakel als vandaag. En dan hopen dat-ie de goede kant op valt."

Oars oanpakt

Earder dit seizoen ferlear Hearrenfean yn eigen hûs noch mei 4-0 fan Ajax. "Toen probeerden we om vol druk te zetten, maar daar voetbalden ze zo tussendoor. Ze hebben heel veel kwaliteit. Nu hebben we het anders aangepakt en daar resultaat mee behaald."

Nei in lyts healoere seach Hahn der net goed út by de 3-1 fan Ajax. "Ik baal ontzettend van die fout. Ik zag de bal omhooggaan en ik dacht dat ik de bal weg kon stompen. Maar ik liep al direct tegen iemand op en dan sta ik in niemandsland. Dan baal ik enorm. Ik had een goede voorbereiding gedraaid op de tweede seizoenshelft."

De 3-1 fan Ajax - Foto: www.orange-pictures.nl

Dêrnei holp Hahn syn ploech wol ferskate kearen, ûnder oare troch flak foar it skoft in strafskop fan Dusan Tadic tsjin te hâlden. "Ik was blij dat ik 'm pakte." Dêrtroch gie Hearrenfean it skoft yn mei de hoop op noch in goed resultaat. "We zeiden: als we iets secuurder zijn, iets rustiger en iets meer lef tonen, dan zouden we er een paar keer goed doorheen kunnen komen."

Foto: www.orange-pictures.nl

Dat slagge. Al betiid yn de twadde helte skoarden Sam Lammers en Mitchell van Bergen. "In dat opzicht pakte de tactiek de tweede helft helemaal super uit", seit Hahn. Ek dêrnei hie de Hearrenfean-keeper noch in pear rêdingen. "Ik ben blij dat de jongens mij hebben gered en dat ik de jongens daarna heb kunnen redden."

Yn de 83e minút waard Hahn wol ferslein troch Klaas-Jan Huntelaar (4-3), mar Kik Pierie besoarge Hearrenfean yn de blessueretiid dochs noch in punt.

(advertinsje)