Betiid fan bêd ôf foar de bloedmoanne op Blue Monday

20 jan 2019 - 19:39

Wa't 'Blue Monday' ris posityf begjinne wol, kin betiid út de fearren om de moannefertsjustering te besjen. Om 3.30 oere begjint de fertsjustering en fan 05.40 oere ôf sil de moanne in oere lang folslein fertsjustere wêze. It moat dan wol helder wêze en dat liket benammen op de Waadeilannen in probleem te wurden.

Moannefertsjustering - Foto: Wikimedia Commons

By in moannefertsjustering stiet de ierde tusken de sinne en de moanne. It skaad fan de ierde falt op de moanne, wêrtroch't dy net mear te sjen is. In folsleine moannefertsjustering wurdt ek wol in bloedmoanne neamd, om syn reade kleur.

Dy reade kleur krijt de moanne trochdat it sinneljocht troch de ierde-atmosfear ôfbûgd is. Dat ljocht kleuret sadwaande read en dat wjerkeatst op de moanne werom nei de ierde.

Supermoanne

De moanne is net allinne read, it is ek in 'supermoanne'. De moanne stiet tichter by de ierde en stiet leger oan de hoarizon. Dêrtroch liket de moanne noch grutter as normaal.

Wa't op blauwe moandei net bûten blaubekje wol by de superbloedmoanne, moat him waarm oanklaaie. It kin flink kâld wurd mei sa'n seis of sân graden froast.

De earstfolgjende moannefertsjustering is pas op 16 july; dan is de moanne foar in part fertsjustere. In folsleine moannefertsjustering kinne we pas yn 2025 wer sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)