SC Hearrenfean pakt punt by Ajax nei spektakelstik: 4-4

20 jan 2019 - 18:40

Sportklup Hearrenfean hat op besite by Ajax in punt pakt: 4-4. De Friezen kamen goed werom fan 3-1 oant 3-3, mar Klaas-Jan Huntelaar sette yn de slotfaze Ajax wer op foarsprong. Kik Pierie soarge der yn blessueretiid foar dat de Feansters dochs mei in punt weromgeane nei Fryslân.

Foto: www.orange-pictures.nl

SC Hearrenfean moast it yn Amsterdam dwaan sûnder de skorste haadtrainer Jan Olde Riekerink en middenfjilders Ben Rienstra en Yuki Kobayashi. De Feansters koene wol wer beskikke oer Stijn Schaars, dy't nei in lange blessuere syn rentree makke. Johnny Jansen, normaal assistint-trainer, naam yn de Arena de taken fan Olde Riekerink oer.

Trije goals yn begjinfaze

Ajax kaam nei tolve minuten spyljen op foarsprong. Nei in koarte corner stie Dusan Tadic hielendal frij yn it strafskopgebiet fan Hearrenfean. Op oanjaan fan Lasse Schöne, ien fan de trije âld-Hearrenfeanspilers yn de basis by Ajax (Sinkgraven en Ziyech wiene de oare twa), wurke de Serviër de bal fan tichteby efter Warner Hahn.

Lang stie it net 1-0, want in minút letter makke Sam Lammers nei in goede yndividuele aksje de gelykmakker. Hy wie Schöne gau kwyt, spile dêrnei Daley Blind út en skeat raak yn de fiere hoeke.

Mar ek dêrnei duorre it net lang foar't de folgjende goal foel: Tadic kombinearre mei Hakim Ziyech, krige de bal werom en liet Hahn kânsleas: 2-1. Yn de 28e minút like Ajax de wedstriid te beslissen: Hearrenfean krige in frije traap fan Schöne net fuort. Hahn woe de bal fuortbokse, mar fia de holle fan Pelle van Amersfoort foel de bal yn it eigen lege doel.

Warner Hahn keart de strafskop fan Dusan Tadic - Foto: www.orange-pictures.nl

SC Hearrenfean bliuwt yn de wedstriid

Flak foar it skoft hie Ajax ferskate kânsen om de skoare fierder út te wreidzjen. Frenkie de Jong skeat hurd njonken de goal en ek in skot fan Kasper Dolberg gie neist.

De Amsterdammers krigen yn blessueretiid noch in strafskop, nei't Lucas Woudenberg oan it shirt fan Donny van de Beek luts. Tadic koe syn tredde meitsje, mar Hahn makke syn flater by de 3-1 goed. De doelman kearde de strafskop mei syn fuotten.

Warner Hahn

3-3 troch Lammers en Van Bergen

Sa mocht Hearrenfean by it skoft noch hoopje op in goed resultaat yn Amsterdam. En dat die wol bliken: Lammers krige op it middenfjild de bal fan Kik Pierie. Hy spile him, krekt as by de 1-1, goed frij, solearre rjochting de Ajax-goal en skeat fan bûten it strafskopgebiet raak: 3-2.

Nei't Dolberg mei in kopbal ticht by de 4-2 wie, makke Hearrenfean sels gelyk: Pierie wurke fuort en Lammers kaam healwei de eigen helte yn balbesit. Dy lansearre Mitchell van Bergen. De bûtenspiler hie Daley Sinkgraven tsjinoer him, kapte twa kear en skeat de bal yn de fiere hoeke. It wie wer hielendal gelyk.

Sam Lammers

Ajax op syk nei nije foarsprong

Ajax moast wer komme en die dat ek, mar Hahn keepte in knappe twadde helte. Mei in refleks sloech er earst in kopbal fan Dolberg út de goal en koart dêrnei rêde er op skotten fan Van de Beek en Schöne.

Ek Ziyech krige Ajax net op foarsprong. Hy wie mei in frije traap tichteby, mar dy bedarre op de peal.

Sam Lammers tsjinoer Daley Sinkgraven - Foto: www.orange-pictures.nl
Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)