UNIS Flyers boartet mei 'takomstteam' Tilburg: 0-20

20 jan 2019 - 18:08

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha snein yn de BeNe-league in meunsterskoare delset tsjin it 'takomstteam' fan de Tilburg Trappers. It waard yn Brabân 20-0 foar de Feansters.

Adam Bezak - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei de earste perioade wie it al 7-0 foar de Flyers. Dêrnei diene de Flyers it relatyf rêstich oan, want yn it twadde perioade skoarden de Feansters mar fiif kear. Yn de lêste tweintich minuten waard de produksje wer opfierd, sadat de Flyers úteinlik mei tweintich goals ferskil wûnen.

Dat de Flyers wûnen, wie wol te ferwachtsjen: de Feansters steane twadde yn de BeNe-league, Tilburg lêste. It takomstteam is net it earste team fan Tilburg; dat spilet yn de Dútske Oberliga Nord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)