LDODK wint yn thriller op besite by koprinner Fortuna

20 jan 2019 - 17:18

De kuorballers fan LDODK ha snein in thriller wûn op besite by koprinner Fortuna. It waard 27-28 yn Delft, nei't de thúsploech by it skoft noch mei 16-12 foarstie. LDODK bliuwt op it fjirde plak stean. Dat soe oan de ein fan it reguliere seizoen krekt genôch wêze foar in plakje yn de play-offs.

Marjolijn Kroon

Fortuna naam al gau in foarsprong fan 3-0, mar dêrnei kaam LDODK goed werom. Oant 7-7 gie it gelykop, mar stadichoan rûn Fortuna dochs wer út. Dat diene se mei in pear hiel fraaie treffers, benammen fan Thomas Reijgersburg.

Direkt nei it skoft kaam LDODK dochs werom troch rappe treffers fan Marjolijn Kroon en Friso Boode. Op gelikense hichte kaam LDODK lange tiid net; it ferskil skommele lang tusken de ien en twa punten.

Marjolijn Kroon (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Comeback

Yn de slotfaze makke LDODK lang om let gelyk troch it sânde doelpunt fan Kroon. Jessica Lokhorst, ien fan de bêste ferdigeners yn de Kuorbal League, koe Kroon it skoaren hast net belette. Kroon waard troch trainer Henk Jan Mulder fan fak wiksele en dat pakte goed út.

Nei't Fortuna by de stân 27-27 de bal yn de eigen oanfal ferspile, koe LDODK sels foar de winst gean. Nei in oertrêding fan Fortuna krige LDODK in strafworp. Erwin Zwart bleau kalm en besoarge LDODK de oerwinning: 28-27.

Erwin Zwart

"It moast in bytsje meisitte, dat we nei it skoft direkt twa makken", sei trainer Mulder. De ûntlading by syn ploech wie grut nei ôfrin. Mulder: "Dat grillige moast der by ús út, dat we de iene wike hiel goed binne en de oare in stik minder. It wie sa knap hjoed. We stiene de hiele wedstriid achter. Dat wie meastal net ús sterkste punt, mar no koene we it ombûge."

Fortuna - LDODK wie de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.

Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Fortuna
(Advertinsje)
(Advertinsje)