'Mooi Mens' komt net út Arum

© Omrop Fryslân
De titel Mooi Mens 2011 is net wûn troch Marjanne de Boer fan De Blije Vogel yn Arum.
De titel Mooi Mens 2011 is net wûn troch Marjanne de Boer fan De Blije Vogel yn Arum. Mooi Mens is in priis foar de meast ynspirearjende soarchmeiwurker. Marjanne de Boer is direkteur fan De Blije Vogel yn Arum, in lytsskalich soarchprojekt mei deibesteging foar minsken mei in ferstanlike beheining. Yn Arum sit in útfanhuzershûs foar minsken mei in beheining, in teeskinkerij en in kleanatelier. Yn Harns binne se ek aktyf yn de stasjonsrestauraasje.