Fjouwermansbob mei Dennis Veenker fyftjinde yn Innsbruck

20 jan 2019 - 16:25

De fjouwermansbob, mei dêryn Dennis Veenker fan It Hearrenfean, is by de wrâldbekerwedstriid yn Innsbruck dield fyftjinde wurden. Nei twa runs wie de tiid 1.42.55. Dêrmei joech it fjouwertal, mei Ivo de Bruin as piloat, 1.38 ta op de winners: it Dútske fjouwertal fan piloat Francesco Friedrich.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

Veenker, De Bruin, Dumas en Franjic stiene nei de earste run op it santjinde plak yn Eastenryk. De tiid wie 51.31. De twadde run gie krekt wat better: doe setten de Nederlanners in tiid del fan 51.24.

De Nederlânske fjouwermansbob stiet yn it klassemint fan de wrâldbeker no op it tsiende plak mei 624 punten. Friedrich-en-dy binne koprinner mei 1085 punten. De wedstriid yn Innsbruck wie de fyfde wrâldbeker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)