Maarten Goudzwaard listlûker Forum voor Democratie Fryslân

Maarten Goudzwaard (1979) wurdt de listlûker foar Forum voor Demcratie (FvD) yn de provinsje Fryslân. De Provinsjale Steateferkiezingen binne op 20 maart.
Goudzwaard wennet yn Ljouwert en wurket yn de telekom- en fersekeringsbrânsj. Hy wol him sterk meitsje foar in enerzjyk en effisjint bestjoer yn Fryslân. De partij makke it nijs bekend fia in twitterberjocht.