CDA-Steatelid Algra: "OSF wurdt in rânestêdpartij"

"Wa't Friezen yn de Earste Keamer ha wol, moat net op de FNP stimme!" Dat stelt CDA-Steatelid Rendert Algra. Neffens Algra is de kâns grut dat it de FNP net slagget in Fries fia de list fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) yn de Earste Keamer te krijen, no't dêryn mear - en wichtiger - regionale partijen gearwurkje sille.
Rendert Algra, Wini Weidenaar en Cees van Mourik © Omrop Fryslân, René Koster
Om't de leden fan Earste Keamer keazen wurde troch de Provinsjale Steaten, advisearret Algra om PvdA, ChristenUnie of CDA te stimmen by de Steateferkiezingen. Dy partijen ha wol Fryske kandidaten op in ferkiesber plak.
"Mei kandidaten út it westen fan it lân, wurdt de OSF daliks in rânestêdpartij", warskôget Algra.
Fansels ha we it leafst dat it troch Friezen útfierd wurdt, mar dat hoecht net perfoarst.
FNP-foarsitter Cees van Mourik
FNP-foarsitter Cees van Mourik bestriidt dy opfetting. "De kâns bestiet no dat we wol trije of fjouwer sitten yn de senaat krije. Dy minsken sitte dêr op basis fan in ferkiezingsprogramma dêr't ik ek sels oan meiskreaun ha. Dat is in sterk regionaal programma. Fansels ha we it leafst dat it troch Friezen útfierd wurdt, mar dat hoecht net perfoarst. As jo stelle dat soks wol in soad útmakket, rûkt dat nei etnisiteit en dêr bin ik op tsjin."
Buro de Vries oer Friezen yn Den Haag
Rendert Algra, Wini Weidenaar en Cees van Mourik wiene snein yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries.