Meldkeamer riedt reedriden op natueriis ôf

De greiden binne wyt, de temperatueren ûnder nul en der leit iis op it wetter. Genôch yngrediïnten om it reedrydfirus opbuorrelje te litten.
© Omrop Fryslân
Op de Ryptsjerksterpolder bûnen sneon de earste fanatikelingen de redens al ûnder en ek snein besykje hieltiten mear minsken de earste streken op it iis te setten. Op in stik ûnderrûne greide by Rotstergaast waard snein ek reedriden, Net oer ien, of in dit gefal, twa nachten iis gean, dat is de ried fan Meldkeamer Noard-Nederlân. "Ek al hat it ferzen, it iis is yn de measte gefallen noch net tsjok genôch", sa twitteret de Meldkeamer.
Ek oare ynstânsjes lykas It Fryske Gea advisearje om net it iis op te gean: "Better noch efkes wachtsje oant it iis dik genôch en goed genôch."
Hjirûnder dronebylden fan Rotstergaast
Meldkeamer riedt reedriden op natueriis ôf
Wa't de ferlieding dochs net wjerstean kin, rint in grut risiko op wiete fuotten. Sels op de Ryptsjerksterpolder. Dat wie ek de ûnderfining fan Pier Bergsma út Hurdegaryp. Hy sakke hielendal troch it iis en koe hast net mear út it wetter komme. By elke stap sakke er op 'e nei troch it iis. Uteinlik slagge it him om lizzend út it wek te klauterjen. Gjin probleem, want neffens Bergsma, heart it der in bytsje by.
Bergsma fan Hurdegaryp sakket troch it iis © Kappers Media