Fleur van der Bij is op syk nei de man dy't har suske dearied

Tsjalbert, 22 oktober 1996: As se nei skoalle fytst, wurdt Ylse van der Bij (12) oanriden troch in auto. Se ferstjert letter dy dei yn it sikehûs op It Hearrenfean. Har âldere suske Fleur is dan 15 jier en pakt al gau har puberlibben wer op, as is der neat bard.
Fleur op it plak fan it ûngelok © Omrop Fryslân
Trettjin jier letter komt de klap. Op har reis by de Nyl del yn Sûdan wurdt se konfrontearre mei har ûnferwurke trauma. Fleur van der Bij hat dêroer skreaun yn har debút: De Nijl in mij.
Unferwachte ropt it wurkjen oan dat boek nije fragen op. Lykas: Wa wie de man dy't myn suske dearied? Hoe soe it no mei him wêze? It iennige dat se wit, is syn namme en dat er op in stuit op wrâldreis gien is.
Fleur van der Bij © privéfoto
Fleur van der Bij
Mei dy gegevens begjint Fleur in syktocht dy't har fia in plysjerapport, by in lotgenoatedei foar neibesteanden fan ferkearsslachtoffers bringt en werom nei it polderdykje by Tsjalbert dêr't har suske deariden is.
It boek Verkeersslachtoffer 22/10 leit fan 22 jannewaris ôf yn de winkels en is ek online te krijen. It earste boek fan Fleur van der Bij hat as titel: De Nijl in mij.
Yn it programma Buro de Vries is sneintemoarn (11.00- 13.00 oere) it ynterview mei Fleur van der Bij te hearren.