UPDATE: Loads yn Winsum baarnt folslein út, gjin ferwûnen

In loads yn Winsum is sneintemoarn folslein útbaarnd. It giet om in frijsteande loads oan de Sint Michaelsberch fan it bedriuw Tichelaar Startmotoren. Der wiene gjin minsken yn it gebou oanwêzich.
Loads yn de brân yn Winsum, brânwacht: Hâld ruten en doarren ticht
De brânwacht hat mei twa spuitweinen en in heechwerker besocht de brân ûnder kontrôle te krijen. Der kaam in soad reek frij en dêrom moasten omwenners ruten en doarren tichthâlde en fentilaasje útskeakelje. De brânwacht hat de loads kontrolearre útbaarne litten. It nijblussen sil noch in pear oeren yn beslach nimme.
© Srfotografie