Psycholooch advisearret bouwers anty-iensumens-huzen

20 jan 2019 - 08:49

Boubedriuw Lont fan Sint-Anne kriget help fan in omjouwingspsycholooch by in bouprojekt op It Hearrenfean. Yn opdracht fan wenningkorporaasje Accolade bout Lont op in earder bedriuweterrein oan it Breedpaad sechstjin enerzjysunige hierwenten. Bysûnder is dat de wenten net allinnich technysk, mar ek sosjaal duorsum wurde.

Gerard van der Duim, direkteur boubedriuw Lont - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Gerard van der Duim: Wenningbouwers hawwe ek in maatskiplike ferantwurdlikheid

De net al te grutte huzen binne benammen bedoeld foar âlderein, jongerein en lytse ien-âlderhúshâldingen. Foar dy groepen kin in probleem as iensumens op 'e loer lizze. Mei help fan in psycholooch wurdt dêrom no sa boud dat bewenners útnûge wurde om spontaan mei-inoar kontakt te meitsjen.

Direkteur Gerard van der Duim is bot te sprekken oer de resultaten fan de gearwurking. By kommende bouprojekten docht er dêrom graach wer in berop op in omjouwingspsycholooch,

(advertinsje)
(advertinsje)