Foarútsjoch: SC Hearrenfean nimt it op tsjin Ajax

20 jan 2019 - 08:20

Foar SC Hearrenfean set snein de twadde kompetysjehelte útein mei in útwedstriid tsjin Ajax. Fjouwer dagen letter moat de ploech fan Jan Olde Riekerink opnij nei Amsterdam. Dan spylje beide ploegen tsjininoar foar de beker. Trainer Jan Olde Riekerink sjocht foarút op de wedstriid en fertelt oer de swakke plakken fan Ajax.

Trainer Jan Olde Riekerink - Foto: www.orange-pictures.nl

"Ze vallen vaak met veel mensen aan. Daar ligt hun kracht ook. Met veel beweging en dynamiek", seit de trainer oer Ajax. No is Ajax in sterke tsjinstanner. Is it te optimistysk om te sizzen dat der kânsen lizze foar Hearrenfean? "We hebben een strategie om te kijken of we daar minimaal een punt kunnen halen. Tegen Heracles is dat gelukt. De jongens hebben er echt wel een goed gevoel over."

Oan it begjin fan it seizoen siet de ploech noch rom yn de middenfjilders. Dat is no oars. Ben Rienstra is skorst, Yuki Kobayashi is der net by en mei Morten Thorsby is der ek nochal wat gedoch. "Wij hebben de spelers die we hebben. Daar moeten we het mee doen. Ik merk op dit moment dat we het gevoel hebben dat we een stap hebben gemaakt. Twee keer Ajax uit is dan niet het makkelijkste begin, maar het is niet onmogelijk."

Trainer Jan Olde Riekerink oan it wurd

Middenfjilder Stijn Schaars is der lykwols wol by. Yn april 2018 rûn er in dûbelde bonkebreuk op by in training. Nei njoggen moannen refalidearjen is er der snein wer by. "Hij is een geweldige professional. Zijn revalidatie is ook heel goed gegaan. Na elke training evalueren we hoe hij zich voelt."

Stijn Schaars - Foto: Orange-pictures.nl
Trefwurden: 
SC Heerenveen fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)