Oanhâlden dronken man pisset plysjesel yn Ljouwert ûnder

20 jan 2019 - 08:03

In noch ûnbekende man hat yn de nacht fan sneon op snein in plysjesel yn Ljouwert ûnder pisse. De man waard sneintemoarn om fjouwer oere hinne yn de Alde Doelestege oanhâlden foar iepenbiere dronkenskip. Hy wie efkes dêrfoar in kafee útset. De plysje hat oanjefte dien fan fernieling.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Deadsbedriging en xtc

De plysje moast ek yn aksje komme yn in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert. In 49-jierrige ynwenner fan Stienwyk hie dêr de eigener fan de hoarekasaak mei de dea bedrige. De fertochte is oanhâlden. Hy krige in kollektive hoareka-ûntsizzing fan tolve moannen.

In 18-jierrige Ljouwerter mei him in jier lang ek net sjen litte yn de Ljouwerter hoareka. Hy waard oanhâlden foar it yn besit hawwen fan njoggen xtc-pillen.

(advertinsje)
(advertinsje)