Earste strange froast yn Ljouwert: -10 graden
Foar it earst yn dizze winter hat it strang ferzen. Yn Ljouwert sakke de temperatuer yn de nacht fan sneon op snein nei de -10,1 graden. Dat meldt Weeronline. Oan de grûn frear it sels -10,8 graden.
By temperatueren ûnder de -10 graden is der sprake fan strange froast. Yn it midden fan it lân frear it matich.
Ferline winter kaam de matige froast letter. Dat wie doe pas op 7 febrewaris.
De earste matige froast tsjinnet him oars altyd earder oan: ein novimber, begjin desimber. Yn trochsneed komme der yn it winterhealjier mei-inoar tolve dagen fan matige froast foar.