Hester Jasper sleept oerwinning binnen op FAST Flamingo's
De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 wûn fan FAST Flamingo's, de sechsde op de ranglist. De setstannen wiene 25-18, 25-18, 24-26 en 25-23. Hester Jasper fan Snits wie de spiler fan de jûn en holp har ploech mei sterk oanfalspul nei de oerwinning.
De Snitser follybalfroulju, dy't tredde steane op de ranglist, setten de wedstriid fuortendaliks goed útein. De earste set einige mei 25-18. Ek de twadde set waard wûn troch de ploech fan Paul Oosterhof, De tredde set waard lykwols út hannen jûn. De Snitsers joegen gau replyk en wûnen ek de lêste set. Einstân: 3-1.