UNIS Flyers mei 6-2 te sterk foar Zoetermeer Panters

19 jan 2019 - 22:44

UNIS Flyers hat sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Zoetermeer Panters mei romme sifers wûn. It team fan coach Mike Nason wie yn de Elfstedenhal yn Ljouwert mei 6-2 te sterk foar de Panters.

UNIS Flyers - Zoetermeer - Foto: Martin de Jong

Yn de earste perioade slagge it beide ploegen net om de nul fan it skoareboerd te krijen. Mar nei ien minút yn de twadde perioade wie it raak foar de Flyers. Ronald Wurm makke de 1-0. De Panters kamen tsien minuten letter op likense hichte troch in goal fan Joy Turpijn: 1-1. It wie Tony Demelinne dy't mei in direkt skot de Flyers op in 2-1 foarsprong sette.

Sterke tredde perioade

De foarsprong waard yn de tredde perioade troch de Feansters fierder ferhege. Earst wie it twa kear Robby den Edel dy't it goal fan de tsjinstander fûn. Brent Janssen makke de 5-1. De ploech út Zoetermeer koe fia Bas Tammerijn noch ien kear skoare, mar it wie Marco Postma dy't yn de rebound de einstân op 6-2 bepaalde.

UNIS Flyers stean op it stuit tredde yn de BeNe League. Snein komt de ploech wer yn aksje. Dan nimme se it op tsjin it takomstteam fan de Tilburg Trappers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)