Ineke Dedden twadde by KPN Marathon Cup yn Amsterdam

De alfde wedstriid yn de KPN Marathon Cup by de froulju is sneontejûn wûn troch Lisa van der Geest. Op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam waard Ineke Dedden fan It Hearrenfean twadde en Yvonne Nauta fan Twellingea tredde.
© Timsimaging.nl
Al gau pakten Van der Geest, Dedden en Nauta in ronde foarsprong op it peloton. Yn de finale wie it Van der Geest dy't as earste oer de einstreek kaam, foar Dedden en Nauta. Manon Kamminga fan Haulerwyk bliuwt liedster yn it KPN-klassemint.

Manlju

Gary Hekman wie de sterkste yn de sprint by de manlju. Yn in gaoatyske wedstriid wie hy sterker as de nûmer twa, Evert Hoolwerf. Sjoerd den Hertog waard tredde, krekt foar de Koreaan Seung-Hoon Lee. Arjan Stroetinga fan Wynjewâld waard fiifde.