Winst en ferlies foar Fryske kuorballers

19 jan 2019 - 22:09

De kuorballers fan Mid-Fryslân wisten it sneontejûn net te folbringen tsjin AW.DTV. De ploech spile yn de haadklasse B yn Amsterdam en sette in einskoare fan 21-28 del.

Foto: Orange Pictures

Mid-Fryslân pakte yn it begjin de foarsprong (8-7), mar ferlear dy alwer foar it skoft. Doe stie it 11-12. Yn de twadde helte rûnen de Amsterdammers allinnich mar fierder út. Oan de ein fan de wedstriid stie der 21-28 op it skoareboerd.

SCO

Yn dyselde haadklasse wûn SCO fan Unitas/Perspectief fan Harderwijk. Yn de earste helte rûn de ploech fan Aldeholtpea al rap út nei in 6-14 foarsprong. De tsjinstanner koe dat nei it skoft net mear ynhelje. It waard 21-27.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)