Thomas Azier ûntfangt it Cultuurfonds Pop Stipendium 2019

19 jan 2019 - 21:35

Muzikant Thomas Azier fan Nijeberkeap hat it Cultuurfonds Pop Stipendium 2019 krigen. Mei it stipendium fan 10.000 euro wol it Prins Bernhard Cultuurfonds elts jier in ambisjeuze popartyst of popband bekroane en stimulearje om him fierder te ûntwikkeljen.

Foto: Niels Meijer

De 31-jierrige Azier groeide op yn Nijeberkeap en studearre oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert. Hy krige it stipendium útrikt op muzykfestival Eurosonic/Noorderslag yn Grins, út hannen fan René Paas. Paas is kommissaris fan de Kening en foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Groningen.

"Wij geloven in zijn droom"

De sjonger fersloech de twa oare nominearren Sevdaliza en Jett Rebel. "Wij geloven in zijn droom om toe te werken naar een show van wereldformaat, met als uiteindelijk doel het Olympia in Parijs. Zijn plan is creatief en realistisch en we hopen dat de bijdrage van het Cultuurfonds hem net dat laatste financiële zetje kan geven richting die overweldigende show van Nederlandse bodem, mét het cachet van la belle France", wie it sjueryoardiel.

(advertinsje)
(advertinsje)