ONS Snits wint lang om let, nei seis nederlagen op rige

ONS Snits hat sneon yn Amsterdam mei 2-0 wûn fan De Dijk. Martijn Barto en Genridge Prijor makken de goals foar de Snitser treddedifyzjonist. Dy koene de punten wol wer ris brûke, nei seis kear ferlies op rige.
Martijn Barto (argyf) © www.orange-pictures.nl
Leechfleaner De Dijk hat noch mar acht punten. ONS hie njoggentjin, mar troch de minne rige fan de Snitsers kamen de gefaarlike plakken wol hieltyd tichterby. Yn Amsterdam wie it by it skoft noch 0-0. Healwei de twadde helte iepene Martijn Barto de skoare. It bleau noch in skoft spannend, mar let yn de wedstriid makke Genridge Prijor dien wurk.
ONS Snits stiet no op it tolfde plak. It ferskil mei de neikompetysjeplakken is no seis punten.
Skiedsrjochter Nick Smit (yn it midden) by Harkemase Boys © www.orange-pictures.nl
De thúswedstriid fan Harkemase Boys tsjin DOVO gie net troch. Skiedsrjochter Nick Smit besleat nei oerlis mei de spilers en trainers fan beide ploegen dat it fjild troch de froast net goed genôch wie. De Harkiten bliuwe op it sechsde plak stean.