Doek falt foar Hotel Ie-Sicht yn Aldegea

19 jan 2019 - 18:49

Hotel Ie-Sicht yn Aldegea (Smellingerlân) is ferkocht en sil sloopt wurde. Oan de Wide Ie komt in folslein nij gebou te stean fan fiif ferdjippings heech. It wurdt in hotel mei 36 apparteminten en in wellness-sintrum.

Foto: Hotel Ie-Sicht

Eigner Gerlof Bleeker en syn frou Coby wolle nei 18 jier wat oars. Wat dan krekt, dat witte se noch net. Doel is dat se earst wol belutsen bliuwe by it nije hotel. "De keaper hat my en Coby frege oft wy yntereasse wiene om it hotel te ferkeapjen oan in projektûntwikkeler. Dat fûnen wy wol wat", fertelt Gerlof Bleeker.

It stel nimt de ferhier fan de apparteminten op harren en de hoareka bliuwt ek fan harren. Foar dat hoareka-part hawwe se al in hierder fûn, dus it stel krijt mear tiid foar oare saken.

Gerlof Bleeker fan Hotel Ie-Sicht

Folslein nij hotel

It byld sa't we dat no kenne fan Ie-Sicht oan de Wide Ie sil bot feroarje. It gebou sil folslein sloopt wurde. Ek de nijbou fan tsien jier lyn giet tsjin de grûn. Der komt in folslein nij hotel fan fiif ferdjippings heech. "Projektûntwikkelers hawwe minder mei sa'n plakje at wy hawwe", fertelt Bleeker.

Foar de famylje Bleeker is it in spannende tiid. "Us bern fine it wol lestich. Sy binne hjir berne en wy ha der in skoft wenne."

As alles trochgiet, is it hotel kommend simmerseizoen foar it lêst iepen en sil de sloop earne yn it neijier útein sette. De gemeente en de provinsje hawwe de plannen yntusken goedkard.

Trefwurden: 
Ie-Sicht Aldegea (Sm)
(Advertinsje)
(Advertinsje)