VV Bûtenpost set Berkum mei lytse oerwinning oan de kant

19 jan 2019 - 18:38

VV Bûtenpost hat sneon yn de sneonshaadklasse B de útwedstriid tsjin Berkum wûn. Yn Zwolle waard it 1-0 troch in goal fan Rik Weening. De iennichste goal fan de wedstriid foel al yn de earste tsien minuten. Weening stie hielendal frij en skoarde foar de 'Blaukes' nei in knappe aksje fan Rolf Dijk.

Keeper Kevin van der Meulen fan VV Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

De twadde helte like dreech te wurden foar Bûtenpost, want oanfierder Berend Schootstra krige al gau nei it skoft read. Hy makke in oertrêding yn it strafskopgebiet. Kevin van der Meulen pakte de strafskop fan Marc van der Meulen (gjin bruorren) en soarge derfoar dat Bûtenpost de foarsprong fêsthold. Yn it lêste healoere sette Berkum wol oan, mar echt gefaarlik waard de thúsploech net.

Troch de oerwinning klimt de ploech fan trainer René van der Weij nei it njoggende plak. Bûtenpost hat no 22 punten út 16 wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)