Europeeske wittenskippers wolle planetarium op Wrâlderfgoedlist sette

Histoarisy út hiel Europa hawwe harren twa dagen lang bûgd oer de ferneamde astronoom Eise Eisinga. De Fries boude yn de 18e iuw it planetarium yn Frjentsjer. Mar it docht bliken dat dat yn dy tiid dat net sa útsûnderlik wie.
© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
"Het blijkt dat ook in Portugal, Engeland en Duitsland mensen zonder specifieke wetenschappelijke achtergrond planetaria bouwden", seit Adrie Warmenhoven, direkteur fan it planetarium. "We zijn ervan overtuigd dat er ook in andere landen in de wereld dit soort initiatieven plaatsvonden. Heel veel daarvan zijn weg en dat maakt het planetarium in Franeker uniek."

Besite yn Frjentsjer

Guon Europeeske wittenskippers kamen op besite yn Frjentsjer. Sy wiene djip ûnder de yndruk. "Als mensen met zoveel kennis van zaken onder de indruk zijn, is dat voor ons ook erg stimulerend."
Der waard altyd tocht dat Eise Eisinga himsels alles oanleard hie. Ut ûndersyk docht lykwols bliken dat dat net hielendal wier is. "Dankzij de hulp van zijn vader en andere mensen heeft hij zich kunnen bekwamen in de sterrenkunde en de wiskunde", ferfolget Warmenhoven.
Adrie Warmenhoven, direkteur fan it planetarium, oan it wurd

Aldste, noch wurkjende planetarium

It wurk fan Eisinga is hoe dan ek unyk. It is it âldste, noch wurkjende planetarium yn 'e wrâld. Der wurdt hurd wurke om it op de UNESCO Wrâlderfgoedlist te krijen. Warmenhoven hat yn desimber in brief krige fan de minister, dêr't yn stiet dat se harren kandidatuer stipet. "Dankzij dat onderzoek kunnen we ons dossier een goede wetenschappelijke basis geven. En dat is een eis van UNESCO."
Yn 2023 sil dúdlik wurde oft dat slagge is. "Dan krijg je een geweldige statuur en zal ook de toekomst verzekerd zijn", seit Warmenhoven.