Emosjonele boargemaster by iepening Kulturele Haadstêdjier yn Matera

Grut feest yn it Italiaanske Matera. Dêr wurdt sneon it nije Kulturele Haadstêdjier iepene. Matera is, tegearre mei de Bulgaarske stêd Plovdiv, de opfolger fan Ljouwert en Valletta. En dêr binne se tige grutsk op.
Matera iepening KH 2019 © Sietske Poepjes
Matera leit yn it earme suden fan Italië. It is in streek dy't him faak wat yn 'e ûnderwâl sitten fielt. Dat Matera no Kulturele Haadstêd is, jout de regio it gefoel dat se meitelle en dat is goed foar it selsbetrouwen.
Deputearre Sietske Poepjes wie by de iepeningsfestiviteiten yn Italië. Se wie bot ûnder de yndruk fan de boargemaster fan Matera, dy't it net drûch hold op it poadium.
De iepening en de stêd binne net te fergelykjen mei Ljouwert, neffens Poepjes. "It waar is fansels 300 kear better, mar de stêd is suterich." Se hat it idee dat it Kulturele Haadstêdgefoel yn Fryslân fan it begjin ôf mear libbe as yn Matera. "Mar emosjoneel sieten se der hjir bot op te wachtsjen."
Sietske Poepjes is by de iepening fan it kulturele haadstêdjier yn Matera
Ljouwerter brassband Soli Brass is ek yn Italië. Sy binne útnûge troch de organisaasje dêr. Jan Sietse Haarsma, foarsitter fan Soli Brass, fynt it geweldich. Fansels fanwege it moaie waar, mar ek om de folslein oare kultuer.
It draait in hiel soad om iten en Haarsma werkent it gaoatyske dêr't Poepjes it oer hie. "We ha yn de tarissing eltse kear besocht dúdlik te krijen hoe let en wêr't wy spylje moasten. Dat wie oant de dei fan de dei pas dúdlik."
Iepening KH2019 Matera Italië © Omrop Fryslân
Foarsitter Haarsma fan Soli Brass Ljouwert yn Matera
Soli Brass fersoarget sneon ferskate optredens yn Matera, werûnder in spesjaal konsert foar bern. It tema fan de Kulturele Haadstêd is 'Open Future' en it doel is om bern derby te belûken.
De folsleine band, tritich man, is ôfreizge nei Italië. Se binne te gast by kollega-muzikanten yn it plak Atella, op twa oeren riden fan Matera ôf. Se wiene sneontemoarn al om seis oere ûnderweis. Deputearre Poepjes hie mei grutskens nei it optreden stien te sjen.