Snitser ûntdekt ûnderdûkplak by ferbouwing

19 jan 2019 - 17:10

By de ferbouwing fan in ryksmonumint oan it Kleinzand yn Snits is nei alle gedachten it ûnderdûkplak oan it ljocht kaam fan de ferneamde Snitser fersetsman Jan Lever. It ferstopplak fan goed 4 by 1 meter en 70 sintimeter heech siet achter in lûk boppe in kast. It liket derop dat sûnt de oarloch fergetten is dat it ûnderdûkplak der siet.

Underdukplak fûn by ferbouwing

Op it ferstopplak lei ûnder oare in yllegaal blêd, in foto fan filmstjer Greta Garbo, in medisinekoker en in hiel âld doaske lúsjefers. De nije eigner fan it gebou, Rob Aukema, kaam it lûk by tafal tsjin doe't er in plafond slope woe.

"Ik dacht ineens: hé, hier zit wat los. Wat is dit? Ik stak mijn hoofd door het luik en realiseerde me dat ik een schuilplaats had gevonden", fertelt Aukema. "Je ziet heel duidelijk sporen van mensen die hier verstopt hebben gezeten."

It skûlplak waard fûn yn in bedstee, mar dêr siet eartiids wierskynlik in kast. "Het lijkt erop dat ze de bovenste plankjes eruit hebben getild, ze door de kast en door het plafond de schuilplaats in klommen. Waarschijnlijk heeft de persoon die erin zat het zaakje weer dichtgemaakt."

Jan Lever

It ûnderdûkplak is nei alle gedachten brûkt om ûnder oaren de Snitser fersetsman Jan Lever te ferstopjen. Hy wenne mei syn famylje in pear hûzen fierderop oan it Kleinzand. Hy moast yn 1943 flechtsje doe't der in razzia wie. Ferskate famyljeleden waarden troch de Dútsers oppakt, mar Jan koe mooglik fia it dak fuortkomme. Wis is dat lykwols net.

De saken dy't fûn binne op it ferstopplak binne net fan Lever. Dy binne der troch in lettere ûnderdûker dellein. It yllegale blêd is nammentlik fan 1945 en Lever kaam yn 1944 om it libben by in fjoergefjocht.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga besocht it ûnderdûkplak

(Advertinsje)
(Advertinsje)