Spitse set mei Oranjefroulju goede oefenwedstriid del yn Súd-Afrika

19 jan 2019 - 16:40

De Nederânske fuotbalfroulju, mei Snitser Sherida Spitse, hawwe sneontemiddei it oefenduel tsjin Súd-Afrika mei 2-1 wûn. Spitse sette yn Kaapstad de Oranjefroulju al nei twa minuten op foarsprong.

Sherida Spitse - Foto: www.orange-pictures.nl

Vivianne Miedema makke de 2-0. Súd-Afrika kaam der yn de earste helte net echt oan te pas, mar tsien minuten foar it skoft wie der dochs ynienen in tsjingoal. Spitse hie dêrnei op slach fan rêst noch in kâns op 3-1, mar de bal bedarre op de latte.

Sherida Spitse spile har 156ste ynterlân, wêrmei't se no dield 'recordinternational' is tegearre mei Annemieke Kiesel-Griffioen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)