Kaarten foar Snitser filmwykein fleane de doar út

19 jan 2019 - 16:27

De Sneker Filmwinter begjint al echt in begryp te wurden yn Súdwest-Fryslân. Alle jierren komme der mear minsken op ôf.

Túzenen kaarten ferkocht foar Snitser filmwykein

Foarsitter Klaus Boonstra fan de stichting Filmhuis Sneek sjocht it tefreden oan. "We zitten flink in de lift. Toen we in 2011 begonnen, kwamen er 1.700 mensen en nu staan we op een verwachte stand van zo'n 4.500 bezoekers in dit weekend."

Der wurdt goed neitocht oer hokker films der fertoand wurde sille. Ger de Boer hat it filmprogramma makke. "Daar ben ik het hele jaar mee bezig. Ik denk nu al na over de films die we volgend jaar zullen laten zien." Boonstra is tefreden mei de films dy't útsocht binne. "We volgen het met veel belangstelling. Zo nu en dan geven we zelf nog tips", fertelt er, "We zijn een leuk team en vullen elkaar goed aan. Dat is ook een van de succesfactoren."

Snitser Filmwykein

John Poels fan Tilburg en Ljouwerter Maaike van Klaveren al jierren fêste besikers fan de Sneker Filmwinter. "Het is heel klein en gezellig", seit Maaike. "Ik kom eigenlijk nooit meer in een gewone bioscoop. Dit vind ik veel mooier". John Poels oer filmhûsfilms: "De variatie en de diepgang van de films maakt het echt de moeite waard om naar Sneek te komen."

Spesjale edysje

Kommend jier bestiet it festival tsien jier. Dêr hopet de organisaasje in grut feest fan te meitsjen. "Hoe bescheiden en kleinschalig we het ook graag zien. We vinden het heel erg leuk als er veel mensen op het festival afkomen", seit De Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)