Fryske Ballonfeesten krije folslein nij bestjoer

19 jan 2019 - 15:56

De Fryske Ballonfeesten op De Jouwer hawwe dit jier in folslein nij bestjoer, mei ûnder oaren man fan de earste oere Herman Kleinsmit. Hy wie 34 jier lyn de inisjatyfnimmer fan de ballonfeesten. Nei goed tritich jier komt er werom yn de organisaasje.

Foto: Martin de Jong

Yn de rin fan de simmer joegen hieltyd mear bestjoersleden oan dat se dermei ophâlde woene. Kleinsmit wie der ferline jier krekt wer in bytsje by belutsen: hy wie frege om de ballonnen te regeljen.

Dat is foar him in kâld keunstke: hy is ballonfarder en reizget de hiele wrâld oer nei allerhande ballonfeesten. Hy komt krekt út Italië en sit nije wike miskien wol yn Saûdy-Arabië. Nei de simmer oppere it plan om mei in nije groep de organisaasje oer te nimmen.

Herman Kleinsmit, Fryske Ballonfeesten

Kleinsmit seach dat it minder gie. Doe't hy der 34 jier lyn mei begûn, droech hy it nei trije jier oer. Doe rûn it goed. De lêste jierren waard it minder. "Financieel liep het niet helemaal goed. Het bestuur had geen tijd en dingen moesten op het laatste moment worden geregeld", fertelt er. "Als je een goed evenement wil neerzitten, moet je er veel tijd insteken en goede mensen inzetten."

Hy wol it âlde bestjoer net ôffalle, mar feit is dat de eardere foarsitter Wiebe Jelsma ein febrewaris ferline jier opstapt is, omdat hy it te drok hie. Ek ferskilde hy fan miening mei de rest fan it bestjoer.

Nije koers

It nije bestjoer fart fansels in nije koers. "Er zit meer jeugd in nu. De jeugd heeft toch andere ideeën dan wij. Het is belangrijk dat zij meedoen." It festival wurdt duorsumer en Kleinsmit wol besykje it ballonfarren op grien gas mooglik te meitsjen. "Ik ben er druk mee bezig om een motorballon op groen gas te laten vliegen." Der bestean lykwols noch gjin ballonnen dy't op grien gas fleane.

De Fryske ballonfeesten binne fan 't simmer fan 17 oant en mei 21 july.

(advertinsje)
(advertinsje)