Earste reedriders weagje harren op Ryptsjerksterpolder

De Ryptsjerksterpolder is, foarsafier bekend, it earste plak yn Nederlân dêr't sneon op natueriis reedriden waard. Leo Schuil en Jochum de Vries bûnen de izers ûnder om in pear streken te meitsjen. Lykas alle jierren op dat plak wiene sy de earsten.
Earste reedriders weagje harren op Ryptsjerksterpolder
It reedrydbûn riedt ôf om it iis op te gean. Nei dizze iene nacht froast is der eins nearne genôch iis, seit in wurdfierder. Fiif reedrydklups prate oer mooglike maratons op skeelerbanen.
Oant en mei moandei sil it frieze. De dei dêrnei falt der 2 oant 5 sintimeter snie. As der snie op it iis leit, groeit it iis net hurd.