Kat oan wâl brocht nei seereis op fiskersskip

Nei in grut avontoer op folle see is in jong katsje sneontemoarn feilich en wol oan wâl brocht yn Harns. It bist dûkte moandei ynienen op op de fiskersboat Our Anna. It skip wie doe op folle see.
Kat oan wal brocht nei seereis op fiskersskip
De bemanning fan de kotter wie krekt dwaande de earste fisk te fangen en te ferwurkjen, doe't de kat foar it ljocht kaam. Earst hearden se in nuver lûd en doe seach de bemanning de kat. It gie noch hast mis, doe't ien fan de bemanningsleden it bist fange woe. De kat rûn op dek wylst der krekt in bats seewetter oerhinne sloech.
De bemanning tocht dat de kat oerboard slein wie, mar doe seagen se it bist dochs wer omskarreljen. No slagge it wol de poes te fangen, Hy krige in waarm plakje en safolle fisk te iten as er hawwe woe.
© Kappers media
Sneontemoarn ier en betiid lei it skip oan yn de haven fan Harns. Dêr stie de diere-ambulânse al klear om de kat mei te nimmen. Omdat it bist gjin chip hat, is de eigener ûnbekend. Dêrom sit de kat no yn it asyl.
As de eigener him net binnen twa wiken meldt, giet it asyl op syk nei in nije eigener. De frou en de bern fan Coehoorn hawwe al oanjûn de kat wol hawwe te wollen, mar de skipper sels moat noch efkes oan it idee wenne.