Frysk bedriuw komt mei bitterballen fan poddestuolen kweekt op kofjegrom

19 jan 2019 - 12:34

In bitterbal fan poddestuollen kweekt op kofjegrom. It Fryske bedriuw Fryslân Fungies makket dat en de bitterballen waarden freedtemiddei yn Ljouwert servearre op in nijjiersresepsje fan twa duorsumensorganisaasjes yn De Harmonie.

Bitterbal - Foto: -

Bakfyts

De resepsje waard organisearre troch Sirkulêr Fryslân en Fossylfrij Fryslân. In soad ûndernimmers dy't nije dingen dogge, wiene dêr te finen. Ien fan harren is Michiel de Groot, eigener fan Fryslân Fungis. Syn bedriuw is basearre op de natuer, sa fertelt er sels. Se kweke de ytbere delikatesse oesterswam op in ûndergrûn fan kofjegrom. Mei de bakfyts helje se yn Ljouwert kofjegrom op en se kweke dêr de oesterswammen op. Dy ferkeapje se op de pleatslike merk.

Kweekset

De Groot is no in jier dwaande mei de opset fan syn bedriuw en it begjint no serieuzere foarmen oan te nimmen. Hy is ek dwaande mei in kweekset dêr't minsken thús oesterswammen mei kweke kinne op kofjegrom. Yn maart is dat beskikber.

Jild kin De Groot der noch net mei fertsjinje. It sit allegearre noch yn de opstartfaze, want de kweek fan oesterswammen bart no noch op lytse skaal. Foar de poddestuollebitterballen sjoch De Groot wol romte om te groeien.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Michiel de Groot

(advertinsje)
(advertinsje)