Konikhynders út Flevopolder oerbrocht nei Lauwersmargebiet

19 jan 2019 - 09:28

It Lauwersmargebiet is sûnt dit wykein fjirtich Konikhynders riker. De hynders komme út it Oostervaardersveld yn de Flevopolder. Dêr wiene se oerstallich, om't der al fierstente folle bisten yn it gebiet omstappe.

De hynders wurde yn it Lauwersmargebiet brûkt om te weidzjen. Der wiene al 250 Konikhynders yn it natuergebiet. De groepen meie net byinoar komme, om't oars de ûnderlinge ferhâldingen dan yn 'e knipe komme kinne.

Foto: Gouwenaar

Boskwachter Kloosterhuis krige de fraach oft se romte hiene foar mear hynders. Yn it Lauwersmargebiet rinne no al goed 250 hynders om. No wie der tafallich in plak dat in skoft net beweide wie en dêr koene dy fjirtich hynders prima yn. Yn it Lauwersmargebiet litte se op stikken lân om bar Skotske Heechlannerkij en Konikhynders omrinne en weidzje. Oars soe it gebiet stadichoan yn bosk feroarje.

De hynders út de Flevopolder waarden freed mei twa feeweinen brocht. Se sprongen der net entûsjast út, mar moasten wat oanmoedige wurde, fertelt Kloosterhuis. In feedokter har der der ek noch efkes nei sjoen oft alles wol goed wie. De bisten seagen der sûn út.

De Konikhynders út de polder rinne net yn itselde gebiet as de soartgenoaten dy't al yn it Lauwersmargebiet binne. De sosjale strukuer is hiel wichtich by Konikhynders. Dizze groep út de polder is ien famylje. As meardere groepen byinoar setst, krijst mooglik in stammestriid.

Kloosterhuis ferwachtet dat de nije groep him gau thúsfiele sil yn it Lauwersmargebiet. Dat komt ek omdat se hjir mear gers hawwe om te fretten as yn de polder. De polderhynders binne ek te sjen. Troch it gebiet rint in fytspaad en in kuierpaad.

Boskwachter Jaap Kloosterhuis oer de Konikshynders

(advertinsje)
(advertinsje)