Kealtsjes omkaam by brân yn boereskuorre Tsienzerbuorren

19 jan 2019 - 08:04

By in brân yn Tsienzerbuorren by Reduzum is freedtenacht de grutte skuorre fan in boerepleats ôfbaarnd. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân. Wol binne der tsien kealtsjes omkaam. Dy wiene net mear te rêden.

It wenhûs is foar in part behâlden bleaun, mar it hat wol grutte reek- en wetterskea oprûn. Njonken de ôfbaarnde skuorre, stie noch in skuorre, mar dy is behâlden bleaun. Foar safier bekend, binne der gjin skealike stoffen frijkaam. by de brân dy't tusken tolve en ien oere útbruts. Pas oeren letter hiene de ferskate brânwachtkorpsen it fjoer ûnder kontrôle.

(advertinsje)
(advertinsje)