FIDEO: It tiidrek fan Sven Kramer is noch net foarby

18 jan 2019 - 22:35

Der wiene guon dy't tochten: it is oer. Mar it tiidrek fan Sven Kramer is noch net foarby. Ofrûne wykein pakte er yn Collalbo syn tsiende titel op it EK allround. Yn de sportútstjoering fan Fryslân Hjoed sieten freed trije manlju oan tafel dy't Kramer goed kenne: Rintje Ritsma waard sels ûnder oare seis kear Europeesk kampioen allround en is no analist by de NOS, Wouter olde Heuvel wie jierren de trainingsmaat fan Kramer en de twa koene ek altyd goed mei-inoar. En Riekele Heida, de jeugdtrainer fan Kramer.

(advertinsje)