Drachtster sealfuotbalsters thús ûnderút tsjin Nieuw Roden

18 jan 2019 - 22:12

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn eigen seal ferlern fan KTP. De gastploech út Nieuw Roden wie úteinlik mei 4-2 te sterk foar de Drachtsters.

Fuotbal - Foto: Shutterstock.com

Yn de begjinfaze fan de wedstriid dielden beide ploegen inkelde spjeldeprippen út, mar ta doelpunten kamen de teams noch net. Krekt foar it skoft makke Amber Bandringa it earste doelpunt foar de gasten út Nieuw Roden.

Oanslutingstreffer

Pas yn de twadde helte kaam de wedstriid los. Mariel Miedema makke it twadde doelpunt foar KTP, mar tsien minuten dêrnei kaam Anita Vellema mei de oanslutingstreffer foar Drachtster Boys. Grytsje van den Berg soarge efkes letter foar de 1-3.

Yn de lêste minuten like Miedema dien wurk te meitsjen foar Nieuw Roden, mar Aafke de Hoek besoarge Drachtster Boys dochs noch in twadde treffer. Dêr bleau it lykwols wol by.

Avanti ek ûnderút

De fuotbalsters fan Avanti út Stiens rêden it ek net op freedtejûn. Sy ferlearen de útwedstriid tsjin Team Alkmaar mei 6-3. Dêrtroch bliuwt Avanti op it lêste plak fan de kompetysje stean.

(advertinsje)