Lytse, mar fertsjinne oerwinning fan Cambuur by Helmond Sport

18 jan 2019 - 21:53

Sportklup Cambuur hat freed trije punten pakt op besite by Helmond Sport. Yn in wedstriid dy't mear spannend as goed wie, wûnen de Ljouwerters mei 1-0 troch in goal fan Tyrone Conraad. Dat die er nei goed tsien minuten spyljen yn de twadde helte.

Kevin van Kippersluis

Cambuur hie al frij gau yn de earste helte de kontrôle, mar in oantreklike wedstriid wie it net. Tsien minuten foar it skoft wie pas de earste grutte kâns fan de wedstriid. Issa Kallon hie in moaie aksje yn hûs, fûn dêrnei Kevin van Kippersluis. Syn skot waard blokt.

Dean Koolhof en David Sambissa - Foto: www.orange-pictures.nl

Ek Nigel Robertha, Tyrone Conraad en David Sambissa hiene kânskes yn de earste helte, mar har skotten misten de juste rjochting. Helmond Sport hie itselde probleem: sa hie Maiky Fecunda rûmte en tiid om út te heljen. Dat die er ek, mar de bal gie oer de goal fan Xavier Mous.

Goed begjin twadde helte

Cambuur sette de twadde helte goed útein. Sa spile Conraad twa man út. Dêrnei koe er gjin ploechgenoate fine, mar it wie wol it begjin fan in rige mooglikheden. Sa waard twa minuten letter in skot fan Van Kippersluis op 'e nij blokt.

René Hake

Nochris fjouwer minuten letter waard de skoare iepene. In oanfal fan Cambuur like op neat út te rinnen, mar Helmond Sport ferdigene min út. Dêrtroch kaam Kevin Jansen yn balbesit. Hy spile knap in mantsje út en fûn dêrnei Conraad, dy't frijstie yn it strafskopgebied fan Helmond. Dy bleau kalm en passearre doelman Stijn van Gassel: 0-1.

Lytse, mar fertsjinne oerwinning fan Cambuur by Helmond Sport

Slotfaze

Dêrnei wie it hast ek wer dien mei de kânsen foar Cambuur. Helmond Sport besocht wol om wat oan te setten, mar Cambuur kaam kwalik yn de problemen. Ien kear wol: de Ljouwerters hiene even benaud by in frije traap fan Helmond, mar troch Jansen en ynfaller Andrejs Ciganiks koe de bal fuortwurke wurde.

Cambuur hie yn de lêste minuten eins de gruttere kânsen. Van Gassel helle in skot fan Van Kippersluis út de hoeke en Jansen skeat krekt njonken de goal.

Helmond koe net mear gefaarlik wurde en dus hat Cambuur de earste oerwinning fan 2019 binnen. De ploech fan René Hake hat no 32 punten en stiet op it njoggende plak.

Foto: www.orange-pictures.nl

Helmond Sport - SC Cambuur 0-1 (0-0) 56. Tyrone Conraad

Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Van den Beemt, Jansen (84/Boerlage), Van Kippersluis; Kallon, Robertha (80/Rossi), Conraad (71/Ciganiks)

(Advertinsje)
(Advertinsje)