Yn Harns diele Hannemahûs, boekhannel en biblioteek ien yngong

18 jan 2019 - 21:34

Nei moannen ferbouwen yn it sintrum fan Harns is it saterdei safier: de biblioteek, museum Hannemahûs en boekhandel Van der Velde ha dan mei har trijen ien yngong. De trije organisaasjes sitte op de Foarstrjitte 52, 54 en 56, mar fan saterdei ôf komme alle besikers troch de yngong fan Van der Velde. "Dat is straks hét centrale punt", seit Hugo ter Avest, direkteur fan it Hannemahûs.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wa't bygelyks nei de biblioteek giet, kin dan ek maklik nei de boekhannel. En de biblioteek, de boekwinkel en it museum diele mei-inoar bygelyks in kofjehoeke. De boekhannel ferkeapet ek it guod út de museumwinkel, sadat dy produkten op in oanlokliker wize útstald wurde.

It hâldt wol yn dat de haadyngongen fan it Hannemahûs en de biblioteek tichtgeane. Mar alle partijen tinke dat se der better fan wurde. "We blijven wel drie afzonderlijke instellingen", seit Ter Avest, "maar we willen de krachten bundelen."

Paulien Schreuder, de direktrise fan Bibliotheken Noord-Fryslân, is benammen entjûsjast oer hoe't it der no útsjocht. "Het is echt prachtig, volkomen veranderd. We zijn supertrots." Dat de biblioteek en de boekwinkel konkurrinten binne, leaut Schreuder net sa. "Er zijn boekenkopers en boekenleners. Die kunnen we nu allemaal op dezelfde plek bedienen. Het gaat erom dat mensen lezen."

De bereidheid tot samenwerking in Fryslân is heel groot.

Ad Peek, direkteur boekhannel Van der Velde

Ad Peek is direkteur fan boekhannel Van der Velde en hy fynt it moai dat sa'n gearwurking yn Fryslân kin. "In Dokkum werken we ook al samen met de bibliotheek, maar hier is het nog duidelijker. We hebben allebei maar een doel: dat mensen blijven lezen. De bereidheid tot samenwerking in Fryslân is heel groot. Daar mag je echt trots op zijn. We proberen het in Drenthe ook van de grond te krijgen, maar daar is het een stuk lastiger."

(advertinsje)
(advertinsje)